Tongersdei wer aksje yn Tresoar

Ynstjoerde foto`s
11/04/2012
Pikefel-mominten troch unike bylden
15/04/2012

Rûnom de útstalling binne de tongersdeis yn Tresoar muzyk- en literêre jûnen. Kommende wike stiet dit unike konsept op it programma, graach opjaan by tresoar@aaipop.nl:

 

“Blau fan dagen”.

Tongersdei 19 april 20.00 oere :

Literêre lietteksten, mei Hein Jaap Hilarides, Goaitsen van der Vliet, Nyk de Vries en Souldada. Tresoar.

 

Hein Jaap Hilarides is bekint fan de Wiegels Wjukkelmasine, de frysktalige band dy’t furoare makke yn de jierren ’90. No hat der sich mear ta lein op it skriuwen fan gedichten yn it Frysk en Bildtsk.

 

Goaitsen van der Vliet stoen oan de widze fan de fryske rock. Op de earste Aaipop yn 1987 stie hy mei Rockploech Spul op it poadium, dizze band spile doe as reuny. Dernei hat der sich mear stoarten op de streektalen.

 

Nyk de Vries wie bandlid fan De Negroes, de begeleidingsband fan Meindert Talma. de ôfrûne jierren hat der inkele boeken en dichtbondels útjûn.

 

De muzikale omklaaiïng is fan Souldada. Wrâldmuzyk is it sjenre wat se spylje, fan Súd Afrika oant Aaipop ha se stien.