Rekker wint Aaipop der op út

Nije webstek
07/02/2012
Die Twa mei band op Aaipop
29/02/2012

De Fryske band Rekker is snein yn Het Bolwerk winner wurden fan “Aaipop der op út” en iepent de jubileumedysje fan it Aaipopfestival op Peaskemoandei 9 april 2012 yn Nijlân.

De band fan de Ljouwerter sjonger Eduard Rekker wûn it hjir sneintemiddei fan de Baba Liveband, Jan Kuipers Alma en Jazz yn F. De sjuery wie tige te sprekken oer it nivo fan alle fjouwer de optredens. Neffens de sjuery die de muzyk fan Rekker tinken oan Therapy en L.U.L. (Lju út Ljouwert, in romrofte Fryske band út it ferline). It trio hellet kwa muzyk it maksimale út de beheinde besetting en soarget boppedat foar in goeie ynteraksje mei it pubklyk. It publyk keas de Baba Liveband as winner, mar dy kamen ta einbeslút krekt tekoart foar de oerwinning.

Aaipop docht yn har jacht nei talint ferskate plakken oan. Dêr hawwe al 26 bands en artysten foar in plak op Aaipop spyle en dêr is de organisaasje tige wiis mei. It betsjut dat d’r noch genôch muzikanten binne dy’t foar Frysktalige muzyk kieze. Der wiene sa’n santich besikers yn Snits.

Hoe oars sil dat wêze as op peaskemoandei 9 april 2012 it 25e Aaipopfestival los giet. Mei 2.500 besikers is dit al jierren ien fan de grutte festivals yn de provinsje. In jubileumedysje dus en Aaipop pakt hjirfoar ekstra grut (XL) út. Leafst 25 bands en artysten spylje op fjouwer poadia, mei foar it earst in bûtenpoadium.
Op it Aaipopfestival is meastentiids plak foar harksankjes en it wat hurdere sjenre, mar sûnt de lêste jierren is de Fryske mainstream ek tige goed fertsjintwurdige. Op it kommende festival sil dat net oars wêze, mar likegoed is der ek wer in primeur mei it duo Anneke Douma en Gryt Wiersma as úsetters. Dermei binne de iepeningsact en slotact al neamd. Wa’t der fierder noch op Aaipop spylje is meikoarten te besjen op de folslein fernijde webstek www.aaipop.nl.