Aaipop siket en fynt nije foarm fan promoasje

Wetterputten oanwezich op Aaipop
20/04/2019
Foarferkeap Aaipop 2020 utstelt oant en mei 31 maart
12/03/2020

Foto: Jannie Huitema-Breeuwsma

De lêste jierren is it dreech om Aaipop op in betelbere wize sichtber te meitsjen. Bygelyks de saneamde ‘sandwich’buorden lâns de dyk mei eins nearne mear. Dêr’t de iene gemeente in logysk belied folget ha wy yn ús gemeente (Súdwest-Fryslân) te krijen mei in, foar ús, ûnbetelber belied. Wy moatte dus kreatyf wêze. De Aaipopkes fan Aaipop 2019 binne dêr it earste foarbyld fan en no is it tiid foar de twadde stap.

Bliid en grutsk binne wy dan ek dat Aaipop fanôf no sichtber is yn de Fryske sportkantines! Troch it beskikber stellen fan trainingjaskes oan’e froulju fan it flaggeskip fan de pleatslike foljebalklub O.T.I.B. besykje en slagje wy wer om op in oare wize ús festival ûnder de oandacht te bringen. We moatte wat, at we fan de pleatslike polityk gjin meiwurking ferwachtsje hoege.