Aaipop 2017

Kaartferkeap

 

  1. De Herberch fan Nijlân

Moandei oant en mei tongersdei: 19.00 oant 00.00 oere
Freed: 17.00 oant 00.00 oere
Sneon: 16.00 oant 00.00 oere
Sneins: Ticht

  1. De Mande

Moandei oant en mei freed: 18.00 oant 22.00 oere.
Sneon: 12.00 oant 20.00 oere.
Snein: Gjin foarferkeap.

  1. Primera Boalsert

Moandei oant en mei tongersdei: 8:00 oant 18:30 oere.

Freed: 8:00 oant 21:00 oere.

Sneon: 8:00 oant 17:00

Sneins: ticht

 

Artysten

 

De Hûnekop

Nei oktober 2017 efkes gjin optredens fan`e De Hûnekop mear, mar lokkich noch wol op Aaipop 2017! Wy binne oh sa bliid en grutsk, dat wy dit wiere haadoptreden strikt ha foar Aaipop. Noch in kear bonkehurd losgean op Aaipop mei Emiel en syn maten, ear’t wy se in skoft misse moatte.

Mosken

Fjouwer jier lyn die dizze band fanút in ympulsive aksje al mei oan Liet en foarich jier makken dizze mannen út de Jouwer in protte yndruk: Mosken. Se hien sich opjûn foar Aaipop der op út en dêr die al rap blyken dat se der mei kop en skouders boppe útstutsen. Dizze act kinne je net in festival iepenje litte. Dêrom dit jier yn`e reguliere programmearring. Efkes meigean mei de meislepende tekst en je waane je efkes op in oar plak as op Aaipop.

Xigatze

Grut wurden troch yn 1996 de foarrinner fan ‘Aaipop der op út’ te winnen (Lytse Aaipop) :-D. Se omskriuwe harren eigen muzyk as ‘Himalyan rock’, mar wy witte wol better fansels. Xigatze is al jierren lang in begryp yn ús provinsje. Al trije kear stienen hja yn`e finale fan ‘Liet’, dat dizze band wit wol hoest muzyk meitsje moast.

Sytse Haima

As muzikale motor stie dizze man yn de Pigmeat-tiid bekend as ‘De Stille’, mar nei dizze tiid hat dizze rasmuzikant heare litten dat hy in protte is mar net altyd stil… Sawol mei ‘De Suskes’ as solo-artyst  set hy de seal op`e kop. Mei uptempo muzyk fol humor en rêstige, somtiden Folky nûmers komt it Frysk goed ta syn rjocht by dizze artyst. Sytse Haima lit fan him heare op Aaipop 2017!

Jacob Laverman

In âlde bekende, dy`t we net foar neat oankundigje krekt foardat ‘Aaipop der op út’ plakfynt.
‘Mar it wie Jacob Laverman dy mei folslein eigen teksten en lieten it publyk it meast oanspruts’, stûn yn it sjueryrapport fan 2015. Hjir is gjin wurd oan leagen, want mei nûmers as ‘Op en del’ en ‘Altyd lam’ witte je fuortendaliks wêr`t jo oan ta binne by dizze rûge Fryske trûbadoer.

Sequens

Sequens hat mei harren spyljen dúdlik makke dat se mei rjocht in oanwinst binne foar ús line-up. As klap op de fjoerpylk sjogge wy Joop Obama ek wer werom op Aaipop 2017, as winner fan de oanmoadigingspriis.

 

Douwe Dykstra

Dizze jonge artyst is in wiere ‘alleskinner’! Hy jout neat út hannen, mar makket alles sels. Sawol de teksten as de muzyk. Op Liet liet dizze man mei syn teatrale muzyk eltsenien sweve. As fûgel fleine wy as bestjoer troch de seal. Douwe Dykstra hie ús oandacht en wy ferwachtsje dat hy op Aaipop eltsenien fleane lit!

Volk!!

Dizze mannen meitsje muzyk fanút de Folk, rock, jazz tradysje, mar eigen ferskes en ‘neidochdingen’ (cover) binne se ek net benaud foar. Volk!! spilet harren muzyk mei wiis eigene arranzjeminten en in protte drama, humor en teater, en dan fansels allegear yn it Frysk! Fanút Grou sylt/spilet Volk!! nei  libben en minsken en fielt de wrâld!

Gaatze

It optreden sit Gaatze yn syn ieren. As jong hintsje song hy al en ek optrede dy hy mei folle nocht en wille. Stikjes neispylje fan André van Duin en ús Fryske komyk Teake van der Meer wie him op syn liif skreaun. Letter is de neidruk wat mear op muzyk kommen, nei`t in optreden by it tillevyzjesprogram ‘Doch it foar dyn doarp’ fan de Omrop en ‘Bloed, zweet en tranen’ fan SBS syn kwaliteiten bleat lei. Wy binne dan ek tige wiis mei dizze rasechte Fryske artyst.

Wiebe Kaspers

De band WIEBE makket tagonklike, enerzjike popmuzyk, mei Ingelsk- en Frysktalige teksten dy’t foar eltsenien werkenber binne. De band bestiet út Wiebe Kaspers (sang, toetsen), Daan Slagter (drums) en Florian den Holander (bas). By it spyljen spat de
muzikaliteit en in goeie vibe fan it poadium wêrby’t it publyk altyd omfierblaasd thús komt. Harren nije album ∆ELTA kaam út yn desimber 2016, en hat de bysûndere foarm fan in trijehoek. De single Help, help, help (mei in spesjale 360 graden fideoklip) kaam út yn oktober 2016. Dit jier stiet de band op ferskate muzykpoadia, poppoadia en festivals.

Doelleazen

Ek dit jier binne se der wer, want dit wolst meimeitsje. Eltse kear wer wurdt foaral it jongere gedielte fan it publyk fan Aaipop sljocht fan it optreden fan dizze twa mannen út de Wâlden. (Bist wis dat hja allebeide út de Wâlden komme?) Net sa gek, want it tempo fan harren muzyk leit ek wat heger as by de oare artysten. Stean klear om efkes âlderwetsk te ‘hakken en zagen’ op de beats fan de Doelleazen!

Twarres

Súver in âlde rot yn de Fryske artystewrâld, mar pas foar it earst op Aaipop. We skrokken der hast sels fan, want Twarres is al jierren ien fan de bekendste bands fan Fryslân en die moat op Aaipop stean fansels! Se folje dit jier harren program mei al harren Fryske nûmers. Fest in pear âlde bekende lieten, mar ek nije ferskes sille foarby komme at se straks op Aaipop 2017 stean.

Frerik de Swetser

De jonge die mar net bekend wurde koe, hat it op it ein fan 2016 dan dochs flikt. As nûmer trije yn`e Fryske top 100 binne jo dochs bekender as dat der yn syn liet trochskimerje lit. Wat jim fêst net witte, is dat Frerik de Swetser foarich ek spiele hat op Aaipop. Doe út`e gein en in pear dagen te betiid, om`t der in lege tint nedich hie. Dat sil dit jier fêst oars wêze!

Sebeare

Dizze band fiert tegearre mei ús feest. Dêr’t wy 30 jier bestean draait dizze band ek alwer 25 jier mei. Al in stikmannich kear ha hja op Aaipop stien en altyd mei in protte sukses. De earste jierren waarden se folút tatsjilpt troch jonge hinnepykjes, mar ek letter wienen de Fryske froulju noch altyd gek op dizze mannen.  Dizze Fryske popband kin wol op`e fyts nei Nijlân, want Easterein is harren thúsplak, Sebeare stiet op`e planken fan Aaipop 2017!

Piter Wilkens

Wat is Aaipop sûnder dizze man? Einliks net kompleet en derom is der ek dit jier der wer by. Eltsenien hat wol in beskat oantinken oan in nûmer fan dizze trûbadoer. Wa kin ‘It paad werom’, ‘Knoopkes’ en ‘Liwwadder blues’ no net? Nimmen, yndied! As rekordhâlder fan measte optredens op Aaipop kin der net ûntbrekke fansels: Piter Wilkens!

 

Ferfier

 

Kom lekker op de fyts!

Dat is ús earste idee, neist it Aaipop terrein is der plak foar dyn stalen ros, oant en mei de lêste band sil der op dyn fyts past wurde. Fertroust do dysels net mear op de fyts, as is it foar oaren net fertroud?

Kom mei de taksy, se ride meastentiids op en ôf, thús komme sil gjin probleem weze. Noch better is om foarôf ôfspraken te meitsjen mei de sjoffeur oer it tiidstip fan de weromreis.

Kinst fansels ek sels mei de auto komme, we ha wer plak yn in stik lân tsjinoer it festivalterrein.

Mei de bus is ek in opsje, sjoch op www.9292ov.nl foar de tiiden.

 

It paad nei Nijlân

 

Nijlân leit oan de A7 tusken Boalsert en Snits, foar de fytsers is der in prachtich fytspaad fanút Boalsert as fanút Snits, it kin net mis gean! Ek kinst mei iepenbier ferfoer komme, bussen fanút Boalsert as Snits stopje by de A7, derwei is it in pear minuten rinnen troch it prachtige Nijlân.


It paad nei Nylan

 

Munten

 

Krekt as ôfrûne jierren kinne jim  de griene munten brûke. Dus pak dyn doaske, skuor it la iepen en gean op syk nei de felgriene munten fan De Mande.

 

Plattegrûn