Skip to content

Earst Aaipop der op út winne en dan it Liet festival? Foarich jier die Bruno it! Jierliks is it lêste plakje foar Aaipop te fertsjinjen op Aaipop der op út, sa ek wer dit jier. Opnij doch we it yn gearwurking mei Friesland Pop, dit kear yn Ljouwert. Yn Teater Tromp sil we op snein 1 maart de foarronde hâlde mei as priis fansels: Aaipop 2015 iepenje! It sil dizze kear in semi-akoestyske middei wurde, in útdaging foar ferskate bands. Dus hesto noch nea op Aaipop spile? Jou dy dan op foar de sneintemiddei sesje!

It leuke fan dizze edysje is dat der in opname makke wurdt fan it optreden dy’t eltse band efterôf krijt, lyk as op sjuery ferslach mei opbouwende krityk. Ien en al win-win dus. Opjaan kin troch in mailtsje te stjoeren nei ynfo@aaipop.frl. Fansels is de eask dat de band yn it Frysk spilet, 20 minuten op de sneintemiddei sesje.

Back To Top