Skip to content

Tongersdei 26 april is der op it paodium yn de útstalling fan Tresoar in optreden fan Gerrit Breteler en Clara Rulman.

Gerrit Breteler is in multytalint; hy is sjonger, skriuwer en byldzjend keunstner. Op ien fan de earste Aaipop-edysjes hat Gerrit Breteler al optreden, doe yn de band Kneppelfreed.
Gerrit Breteler hat syn spoaren al lang fertsjinne yn de Fryske muzykwrâld. Syn optredens wurde omskreaun as yntym en sfearfol. Hy sil net allinne sjonge en spylje mar ek fertelle oer de skiednis fan de Fryske muzyk en oer Aaipop. Hy hat alle edysjes fan it festival op ‘e foet folge en kin dus út de earste hân fertelle.

Plak: Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert
Begjin: 20.00 oere
Tagong fergees, oanmelde op ynfo@tresoar.nl

Back To Top