Skip to content

Yn gearwurking mei Caro Kroon en Sander Veen sil Lwd2018 wurkje oan in bysûndere jankfodde foar de ynwenners fan Nijlân. Op sneon 10 novimber 2012 wurde alle ynwenners fan it doarp Nijlân frege om meiïnoar nei te tinken oer de takomst en de histoarje fan harren wenplak. Fanút dizze ideëen sil in eigen Jankfodde ûntwikkele wurde.

Lwd2018
Ljouwert is kandidaat Kulturele Haadstêd fan Europa yn 2018. Tegearre mei de hiele provinsje wol Ljouwert besykje dizze titel binnen te heljen. Mei de Reis 2018 besiket Lwd2018 de kulturele krêft fan de provinsje sichtber te meitsjen.  It leit relaasjes mei ferskillende doarpen en regio’s yn Fryslân om de lokale ambysjes wier te meitsjen en te ûntdekken wat der mei ferbylding en kreativiteit mooglik is.

Nijlân
Foar de ûnderlinge relaasjes tusken stêd en plattelân hat Lwd2018 no keazen foar it doarp Nijlân en in mooglike ferbining mei de wenwyk yn Ljouwert. Hokker tema’s spylje der yn it doarp in rol en op hokker wize kinne dizze tema’s omset wurde yn kânsen en mooglikheden foar it doarp.

Gearkomste
Op sneon 10 novimber hjit Lwd2018 de ynwenners út Nijlân fan herte wolkom yn de ‘Alles wat’st nedich hast is Leafde’-Kerreven. Fan 12:00 oant 15:00 oere stiet der in bakje kofje en tee mei wat lekkers klear. Op dizze wize wol Lwd2018 yn gearwurking mei it doarp en artistyk lieders sjen nei wêr’t de kansen en mooglikheden lizze foar dit doarp. De kerreven is te finen njonken ytkafé de Herberch yn Nijlân.

Jankfodde
Fanút de ideeën dy’t by dizze gearkomste ûntsteane sil de Earste Nijlanner Jankfodde makke wurde. Dizze jankfodde (=Smartlap) sil op woansdei 14 novimber om 20:00 oere  yn de Mande útfierd wurde troch de eigen Nijlanner sjongeres Nelly Gerbrandy. Nei it hearre litten fan de jankfodde sil der fierder wurke wurde oan in kreatyf programma foar de Reis 2018 yn Nijlân.

Back To Top