Skip to content

Us mem, hat in geheime oanbidder! Hjoed hat se op falentynsdei in ketting fan reade herten om de nekke krigen. Fan wa? De KH2018 lit witte dat de oksen út Nijlân op syk binne nei in swart-wyt frommes, kin net misse dat moat ús mem wol wêze! Sneon 16 maart komt De Reis fan de Kulturele Haadstêd nei Nijlân ta foar in kulturele kuiertocht. De namme fan it projekt is: De koffer fol ferhalen. In groep graffity keunstners sille oan de slach om it terrein fan Aaipop noch fleuriger te krijen, hjir bin we tide wiis mei!

Back To Top