Skip to content

Ast in protte net mear meist, begjinst te sykjen nei saken dy’t noch wol kinne. Fandêr dat wy op Peaskemoandei ‘Aaipop yn karantêne’ organisearje.

Ferskate artysten ha meiwurke oan dit inisjatyf. Tank dêrfoar.  Op Peaskemoandei stjoere wy fanôf 14.00 oere in oantal opnames út fan bands, sjongers en sjongsters op de tiid wêrop se oars spylje soenen op Aaipop 2020.  Aaipop yn karantêne is te folgjen fia Facebook.

Wolst no sels ek meidwaan oan ‘Aaipop yn karantêne’? Stjoer dyn Frysktalige fideo opname fia WeTransfer nei ynfo@aaipop.frl, dan prutse wy dy yn’e line-up.

Tagong is fergees, drinken en iten is te finen yn jo eigen kuolkast.

Back To Top