Skip to content

Yn har syktocht nei nij talint strykt Aaipop op snein 12 febrewaris yn het Bolwerk del. De band Rekker, de Babalive band, Jan Kuipers Alma en Annemiek en Combo dogge dizze middei in goai nei in optreden op it Aaipopfestival, it grutste Frysk- en streektalige festival fan Fryslân.
Oanslutend is der in optreden fan Redbad, ien fan de nijere bands mei potinsje yn Fryslân.

 

Plak: Het Bolwerk
Datum: 12 febrewaris 2012
Oanfang: 15.00 oere
Yntree: 5 euro

 

De Stifting Aaipop makket rûnom yn de provinsje útstapkes om nije Frysk- en streektalige bands de kâns te jaan poadiumûnderfining op te dwaan. Der wiene al edysjes yn Ljouwert, Dokkum, Hurdegaryp, Snits en Drachten, en no dus opnij ûnder de reek fan Nijlân – yn Snits.
Dit inisjatyf slacht bot oan by de bands en artysten. De útdaging foar de artysten is de sjuery sadanich te oertsjûgen om sadwaande in optreden op it ‘grutte’ festival, op 9 april 2012 yn Nijlân ôf te twingen. En dat wurdt in bysûnder festival, omdat it de 25e kear wêze sil.

 

Rekker
Nei in jier of tsien oefenjen betocht frontman Eduard Rekker fan ’t simmer dat d’r no mar in plaat komme moast en dat waard sels in beskieden simmerhit “De simmer is net foarby”. Mei syn maten Anton Oortman en Theunis S. Elzinga makket hy melodieuze rock/popmuzyk yn de Fryske taal. Yn desimber ferskynde de krystsingle “Kryst sûnder gefoel”.
In nije Fryske band dus, mei in fris lûd, dat is Rekker. Yn 2012 moat de earste mini-cd feskine en wat soe der no moaier wêze om dy op Aaipop te presintearjen? www.rekker.eu

 

Jan Kuipers Alma
In âlde rot yn it fak, dat kinne jo wol sizze fan dizze Drachtster skriuwer/dichter, singer/songwriter dy’t al sunt de jierren tachtich fan de foarige ieuw muzyk makket, mar noch nea as soloartyst op Aaipop spile. Foar mear ynfo oer Jan Kuipers Alma, sjoch op www.jankuipersalma.com

 

Annemiek en Combo
Jazz in F is de namme fan in workshop foar leafhawwers fan Jazz. Annemiek Zijlstra fan Deinum hat in tal muzikanten út dizze workshop ree fûn om mei har in kombo te foarmjen en in goai te dwaan nei in plakje op Aaipop. Annemiek is berne yn Wormer (NH) en skriuwt en sjongt no sûnt in jier as fjouwer neist it Hollânsk en Ingelsk ek yn it Frysk. Sa bringt se eigen teksten en oersette teksten fan û.o. Melody Gardot.
www.jazzinf.com

 

Babalive band
De Wergeaster Jeroen Wijnand stie mei syn nûmer “Frije Friezen” al in de Fryske top 100 fan 2011. As lid fan de punkband Wartall hat hy faaks al op Aaipop stien, mar my syn nije Babalive band besyket hy dat no opnij. Troch syn meiwurking oan in iepenloftspul begûn it wer te jokjen by Jeroen. Earst noch allinnich mei orkestbân, mar no mei in folwoeksen liveband. De rest fan de band bestiet út Arjen Butter, Bauke van Jaarsveld, Jan Hazenberg en Wim Venema.
www.babalive.nl

 

Back To Top