Wy sykje dy!

Sequens winner Aaipop der op ut 2017
13/02/2017
30 jier yn april 2017? Moai!
10/04/2017

‘Der binne mear diken dy oant Nijlân rikke’, sa giet it sprekwurd út âlde tiden. Sa kinst dyn freon of freondinne tagge yn ús foarige berjocht. Of joust dy op as frijwilliger?!

Krekt as elts jier rint ús festival benammen op frijwilligers. Sûnder de ynset fan dizze minsken is it foar ús net mooglik elts jier wer it festival te organisearjen. Liket it dy aardich om in heale dei mei te wurkjen oan it grutste Frysktalige festival fan de wrâld? Dan kinsto ús mei ien fan ûndersteande taken helpe:

– By in needútgong stean

– By de yngong fan it terrein

Wy passe goed op dy: sa no en dan wat iten en drinken, fergees tagong ta Aaipop 2017 en in machtich moaie dei! Liket it dy wat? Dan kinst maile nei afke@aaipop.frl Mar in skiller is flugger: 06 558 338 74. Minimale leeftyd is 16 jier!