Skip to content

Juster is in grutte ploech frijwilligers begûn mei de opbou fan it festivalterrein. Se ha yn de waarmte bealge om alles op tiid klear te krijen foar moandei. Dat it op tiid klear komt is wol wis, dêr sitte we net oer yn. Mei dit waarme maitiidswaar komme we der wol efter dat we earne oars rekken mei hâlde moatte… De tarwe smoothies bin fanselssprekkend wer folút te krijen, mar dit jier slaan we ek wat ekstra wetter yn. Op it terrein wurdt in saneamde wetterpunt oanlein en ek by de konsumptjebarren is wetter te heljen. Goed drinke mei dit waar!

Back To Top