Skip to content

It ûntstean fan de jubileum  krante 25 jier Aaipop hat de krijen mei de útstalling. Beart Oosterhaven hat yn in oantal tema’s it ûntstean fan de Fryske Popmuzyk en Aaipop as poadium beskreaun. De ikoanen, it Frysk oer de wrâld, de stilen ensaf. binne fan dy tema’s. De krante beskriuwt it ferhaal wat te sjen is yn de útstalling te Tresoar.

Op in oantal sketten komt de skiednis fan Aaipop te hingjen, unyk fotomateriaal út de jierren ’80 en ’90. Werom sjen yn byld en lûd dogge we ek mei fideomateriaal. Yn de foarm fan in stille disko kinne de minsken op it opbouwde poadium yn de útstalling bylden sjen út it argyf fan Aaipop.

Fjirders lit we de groei fan de Fryske muzyk sjen troch alle cd’s dy at Aaipop en Tresoar yn it argyf hiene op in grut touchscreen sjen te litten. Fan in protte binne der ek muzykfragminten te harkjen. In unyk oersicht fan wat at de Fryske muzyk op dit stuit bringt en yn de ôfrûne jierren brocht hat.

 

Back To Top