Utstalling

Op tongersdei 5 april iepent deputearre Jannewietske de Vries de útstalling, at jimme derby wêze wolle dan kin dat. De útstalling is mar in moanne te besjen, dus net stinne rap der hinne. Mear ynfo is te finen op www.tresoar.nl.  

 

Stifting Aaipop wol oan eltsenien sjen litte dat de Fryske muzyk fanôf 1987 enorm groeit is, dit dogge we troch it útbringen fan in krante en op noch mear wizen. De rike skiednis fan Aaipop as poadium foar de Fryske muzyk, is yn de moanne April te sjen yn de foarm fan in útstalling. Yn gearwurking mei Tresoar is Stifting Aaipop it argyf materiaal fan de ôfrûne 25 jier troch west en lit dit sjen yn bield en lûd. Yn de útstalling komt it ûntstean fan de Fryske muzyk nei foaren, mar ek de groei troch de jierren hinne. De ikoanen fan Aaipop en de Fryske muzyk bin te sjen, filmmateriaal fanôf de jierren ’90 en foto’s fanôf de earste Aaipop.  Op eltse tongersdei yn de moanne april wurdt der wat organiseare, ferskeidene artysten sille optrede en ek is der oandacht foar de literêre kant fan de Frysktalige muzyk.