Troch de wrâld galmje

Aaipop 2013: Alle bands en artysten op in rychje!
02/03/2013
Aaipop kampanje!
09/03/2013

Op meardere plakken sjongt de Fryske muzyk troch de ether hinne. Yn de oanrin nei Aaipop 2013, op 1 april, komt de Fryske Muzyk en dermei Aaipop op ferskate plakken út de boksen wei.

Hinnehok FM

Eltse Woansdei in Frysk heal oerke, mei in Aaipop top 5!

http://hinnehokfm.listen2myradio.com/

 

Radio Froskepôle

Gurbe Douwstra hat as âld foarsitter fan Aaipop fansels in spesjale bân mei de Fryske muzyk. Yn Radio Froskepôle kin hy syn aai kwyt. eltse dei tusken 18.00 en 19.00 oere op Omrop Fryslân.

http://www.omropfryslan.nl/programma/radio-froskep%C3%B4le

 

Holland FM

Henk en Trijnie Schippers sitte tongersdei, en straks miskyn op sneins, foar de mikrofoan. Der komt in protte muzyk loans, mar ek omtinken foar bands en artysten dy’t op Aaipop stean. Sels mei in nekhernia, stjoere sy út!

http://hollandfm.nu/index.php/nl/hfm/view/4