Skiednis

Pop yn ’t Frysk

Midden jierren tachtich soarge in kommisje ûnder de flerken fan Stichting Earizer en yn gearwurking mei kroechbaas Remmelt Boonstra dat der om ‘e fjirtjin dagen in band op ‘e planken stie yn it muzykkafee fan Nijlân.
It inisjatyf sloech oan by de jeugd. Massaal kamen se op de ‘live’-optredens ôf.
Al gau hienen de kommisjeleden yn ‘e rekken dat der ris wat grutters op poaten set wurde moast.
Yn 1987 waard it idee oppere om op Peaskemoandei in pophappening te organisearjen mei útslutend Frysktalige bands. Boonstra hie yn 1986 op dy dei alris ‘Paaspop’ organisearre. De namme fan it evenemint wie no: Aaipop.
Foar de organisaasje waard in spesjale festivalkommisje yn it libben roppen. Twa Leden fan Stichting Earizer krigen dêryn in sit mei twa minsken dy’t gauris yn it muzykkafee kamen: Lysbert Bonnema en Wietske Jorritsma.

Op Peaskemoandei 1987 sette it festival foar it earst út ein. De Kafeeromte fan Boonstra waard foar it heftige wurk omboud ta ‘Rockhok’ en de boppeseal krige de namme: ‘Harksankjeseal’. Foar it earste festival moasten der wol twa groepen út de lapekoer helle wurde, mar dy wienen yn alle gefallen wol fan histoarysk belang: Spul en Okke Hel (mei Piter Wilkens), dy’t doe al net mear bestien, mar wol twa fan ‘e earste popgroepen wienen dy’t mei har Fryske memmetaal eksperimintearren. Der kamen sa’n trijehûndert minsken op ôf.

It earste AAIPOP wie wat de publisiteit oangiet yn alle gefallen in moaie opstekker foar Reboelje. Dy doe krekt oprjochte ploech wie ynskeakele as skoft-akt, mar kaam by tafal foar de lins fan ‘e fotograaf fan ‘e Ljouwerter Krante telâne. Sa stie it fiiftal de oare deis kreas yn ‘e krante, mar fanwege har teatrale opstigings, dy’t letter noch folle fierder fierd waarden, sil nimmen se werkend ha: Se hienen krekt allegear in wyt masker op doe’t de fotograaf knipte……