Rasmuzikanten binne der ek wer op Aaipop 2015

Al wer in oantal nije bands op Aaipop!
20/03/2015
Kaartsje fergees? Gryp dyn kâns!
25/03/2015

Piter Wilkens en band

Utsetter fan Aaipop 2015 is Piter Wilkens mei band. Mei trije rasmuzikanten om him hinne sil Piter Wilkens de LawAAIrûnte op’e kop sette. It is in grut kompliment oan dizze trûbaboer dat hy al sûnt de earste edysjes fan Aaipop der by is. Doe wie it mei Piter en de Protters yn de boppeseal yn de kroech, no op de 28ste edysje fan it Aaipop-festival is hy der noch! En mei in moaie lel Fryske meisjongers op syn Palmeras.  Soe yn 2018 Ljouwert dan in echte stêd wurde? Dan sil der neffens ús noch wol wat mear oandacht foar de Fryske artysten komme meie.

Healers
Der is in tiid fan kommen, mar ek in tiid fan gean. De Healers bin dwaande mei in lêste rûnte troch de Provinsje Fryslân. De mannen út de omkriten fan Drachten ha de spoaren fertsjinne yn de Fryske Blues, mei in fantastyske mûlharp spiler. Wy bin der tige wiis mei dat se it Rockhok ôfslute, dit kear foar hun de echte ôfsluter.

Dockumer Lokaeltsje

Dit is pas in bisûnder ferhaal, it Dockumer Lokaeltsje hat noch nea op Aaipop stien, mar bestiet langer dan Aaipop! Hoe dat kin? It sit sa. Stifting Earizer fersoarge yn it Muzykkafee te Nijlân elke moanne in band. Der spilen bands út hiel it lân, ûnder oaren ek Herman Brood. Mar der wie ik in eigenwiis Frysk bandsje, foar dy tiidsbegrippen, hiel eigenwiis. En dat wie it Dockumer Lokaeltsje dy it lân troch gongen. Understeande opname komt út 1987 (de gemiddelde Aaipop-besiker wie doe noch floeiber…). Op it Freez Festival ha se we foar it earst fan harren hearre litten, no komme se ek werom nei Nijlân en dat in lytse 30 jier letter!

Gurbe Douwstra en band

Bekend fan syn moaie Cliffs of Moher, Radio Froskepôle, mar net te ferjitten ek noch âld foarsitter fan Stifting Aaipop. Ek dizze trûbadoer nimt in oantal muzikanten mei, net de minsten ek noch in kear. Yn it Rockhok sil Gurbe syn moaie lieten heare litte, kontakt mei it publyk sykje en werom komme op in fertroud stekje. Dus ik soe sizze der hinne gean, lit jim gean Friezen Friezen lit jim gean.