Aaipop 25 jier

Oanmelding Aaipop-pearkes sluten
29/01/2012
Nije webstek
07/02/2012

Op 09 04 2012 sil it wer hêve. Op it stuit, wylst wy de rêdens út it fet helje draait de Aaipop organisaasje op folle toeren.

It wurdt dit jier in hiel bysûnder feest, 25 jier Aaipop in jubileum edysje. Fansels komme der wer fantastyske bands dy der in geweldich grut feest fan meitsje sille. It sille der sels noch mear wurde dan foargeande jierren, marleafst 25 stiks. De Fryskemuzyk libbet en brûst sa ‘t it nea earder dien hat.

Bands fan no en bands út it ferline, bekinde nammen en nammen dy wy oer in pear jier bekinde nammen neame sille.

Mar der sil mear gebeure om dit jubileum te fieren. Sa wurdt der op 5 april in tentoanstelling iepene oer Frysktaliche muzyk en de rol fan Aaipop hjiryn. Dit sil barre yn it histoarysk sintrum Tresoar te Ljouwert.

Ek kin eltsenien ynkoarten in protte ynformaasje oer it festival thús op de doar mâtte fine.

Hâldt dizze nije webstee yn de gaten sadat jimme neat misse sille.