Skip to content
Presintaasje Aaipop der op út

02 febrewaris binne it Ebele, Twirre en Progress dy striede om it lêste plakje op Aaipop 2013. Yn it Badhûs te Westerein sil Tet Rozendaal de jûn oan elkoar prate en Rekker en Band sil de jûn ôfslute. De fakkundigge sjuery bestiet út Beart Oosterhaven (Jury-foarsitter Liet en muzykresinsint), Sjouke Nauta (manager Friesland Pop) en Aant Jelle Soepboer (Baldrs Draumar). Neist de trije man yn de sjuery hat ek it publyk in stim, de fjirde stim dy fan trochslaant belang wêze kin at de sjuery-útslach flak by elkoar leit.

Ek hjoed de earste nammen fan Aaipop 2013 de ether yn goait op Omrop Fryslân en Holland FM, wa at it net heart hat: Nije wike steane se ek op de side!

Back To Top