Skip to content

Der swimme hjir en dêr al wer wat piken om, it is dus heech tiid om stadichoan wekker te wurden. En hoewol it  festival pas oer twa moannen is, kinne wy jim fertelle dat wy net stil sitten ha de ôfrûne tiid.

Miskien ha jimme de oankundiging fan de gearwurking mei Fryslân Aktueel opmurken? Of hjir en dêr al in oankundiging fan in band sjoen? Wy sizze jimme ta dat der mear is dan dat …

Meikoarten begjinne wy mei it bekend meitsje fan de bands as artysten dy ‘t op  Aaipop stean. Dêrneist yntrodusearje wy it jierlikse nije logo en sille jim ús geregeld op  de radio en televyzje foarby sjen kommen . En dat is net alles, dus hâld ús webside en facebookpagina yn ‘e gaten!

Wy ha der sin yn!
Do doch ek?

Back To Top