IT GIET OAN!

Oankommende snein, de snein dy eltsenien koartseftich ôfwachte kin no moai brûkt wurde om alle syktekiemen der efkes út te switten yn Het Bolwerk te Snits. Fjouwer akts sille hjir striede om in plak op Aaipop peaskemoandei 09 april.

 

Jan Kuipers Alma, Annemiek en Combo, Babalive band en Rekker. Om dizze middei folslein te meitsjen sil de winnaar fan ferline jier de band Redbad noch in optreden jaan.

 

De middei begjint om 15.00 oere en de entree is 5 euro ek krijt elke beteljende besiker in stimformulier want ek it publyk is sjuery. It publyk is njonken trije sjueryleden, it fjirde sjuery lid.

 

Dus net stinne mar der hinne.  Het Bolwerk leit oan de âlvestêdentocht route en jim kinne dus op de redens komme.