Net mokke, lekker Rocke!

Kaartsje fergees? Gryp dyn kâns!
25/03/2015
De (hast) 30-ers op Aaipop
27/03/2015

Voskos Grodzemods

Nim it wurd Rock, nim de band Voskovs Grodezemods. Se komme net út Ruslân, nee gewoan út de Greidhoeke. De hearen draaie al inkele jierren mei en bin de ynstrumenten meester. Foarich jier stiene se in dei foar Aaipop der op út sa mar klear om de foarronde ôf te sluten, respekt! At it publyk no ris in (deade) ko fan tichtby besjen wol, krûp dan efkes tsjin it poadium oan, at it goed is dan stiet de ko op it poadium. Sjonger Tsjeard Okkema sil jim fermeitsje, hy fret de mikrofoan hast op, ik soe mar foaroan stean gean at ik jim wie. O ja, tsjek ek efkes dat lekkere resept op harren webside.

Baba!Live Band

Jeroen ‘Baba’ docht de ôfrûne jierren ferskriklik syn best omsyn stim heare te litten. Is it net op de planken, dan mingt der him wol yn in mienskiplikke diskusje oer in lange Nederlânske tradysje. Foar de wrâld net bang en in echt poadiumbist. Inkele jierren lyn hat Baba mei dien oan Aaipop der op út en no al foar de twadde kear op it ‘grutte’ festival. Mei it nummer Frije Friezen knalt dizze band geregeld troch de ether hinne!

dEROELS

Tsja, omskriuw dizze band marris yn in pear sinnen. Dat hat gjin sin. Gewoan om it hoekje sjen at se spylje. Dizze kreatyf ynstelde rockers ha elkoar hielendal fûn, âld leden fan Wiegel’s Wjukkelmasine, Tsjettel, mar ek noch wol yn aktive bands sa as Ljoubjr. Sa ha al in simmerhit skreaun (mar de minsken moatte der noch efkes in hit fan meitsje…), se ha al in ‘soundtrack’ by in oskar winnende filme makke (mar de minsken moatte de film noch wat ûntdekke…) Se fleane sels de grinzen wol oer om yn Amsterdam op te treden.