Skip to content

Program

Feestmiddei foar bern yn`e hjerstfakânsje

Wy wolle dat de bern striele op dizze edyzje fan Merakels! It Fryske bernespektakel dat op woansdei 25 oktober 2017 om 13.30 oere plakfynt yn De Mande te Nijlân makket fan eltse besiker in stjer. Eltsenien hat talinten en dizze talinten gean we brûken om fan eltse talint in Merakelse talint te meitsjen. De bern sille striele as in strielende stjer!

Foar mar fiif euro kin eltsenien genietsje fan teater, sport en kreative aktiviteiten. Ofwol, ien grut spektakel. Yn gearwurking mei de ‘Frets’ sille wy derfoar soargje dat elts bern strielt as in wiere stjer! De Frets nimme elts talint mei yn harren sjo.  Dit dogge hja mei harren eigen ‘Frets! Talintenshow’.

Back To Top