Jacob Laverman iepenet Aaipop 2015

Fjouwer bands & Tagong fergees!
25/02/2015
It logo 2015!
06/03/2015

No’t de winner fan ‘Aaipop der op út’ bekend is, is de folsleine line up fan it Aaipop festival dúdlik. Yn gearwurking mei Friesland Pop wiene it Wietze Hospes, Jacob Laverman en The Upright Bastards dy mei diene oan de ‘snein-te-middei-sesje’ yn Theater Tromp te Ljouwert. De sjuery, besteande út trûbadoer Bruno en twa leden fan ‘The Given Horse’, hiene it dreech om in kar te meitsjen. Kwa Fryske teksten stie Wietze Hospes op ien, wat it talint oan giet wie it de jeugd fan Upright Bastards dy der mei kop en skouders boppe ut stuts. Mar it wie Jacob Laverman dy mei folslein eigen teksten en lieten it publyk it meast oanspruts. Dit joech de trochslach foar de sjuery en dermei iepenet Jacob Laverman it Aaipop festival.

Ynkoarten wurde alle bands en artysten foar de 28ste edysje fan Aaipop bekend makke, mar ûnder oaren Johannes Rypma, dEROELS, Marcel Smit en de Doelleazen binne der by Peaskemoandei 6 april 2015. De foarferkeap start 14 maart.