Skip to content

Goede freed is der mei man en macht wurke om it festivalterrein klear te meitsjen. Dat is slagge, we binne oeral op ta red. Yn de Hark en huverseal ha we tribunes delsetten om in smûke arena-sfeer te meitsjen. Ebele, Adri de Boer, Marcel Smit en de hiele Hannel, Xigatze en Chickens Go Mad sille hjir spylje.

De hekken rûnom it terrein binne tichtmakke mei doek, op dizze wiize krijt de wyn minder fryheid, alle hoekjes binne yn de lijte. De Teneftertinte en it Kij Lûd stean ek as in hús, kreaze tinten mei yn beide tinten heaters om de waarmte yn de tinte te krijen. We litte jimme dus net yn de kjeld stean!

Hjoed en moarn is der noch foarferkeap, wês derby, it skeelt ommers 5 euro per kaartsje!

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Back To Top