In fyts sûnder sadel

Stipers
25/09/2012
It geheim fan Merakels
07/10/2012

Ofrûne wykein ha we efter de skermen sjoen by it nije festival yn Drachten: Frysk Bloed. Kompliminten foar de organisaasje, in moderne setting mei ûnder oaren in mediakafee, trije poadia en in dance-seal. It festival hat each foar detail en brocht bygelyks in eigen drankje mei fansels de namme Frysk Bloed, dat soe elts eins trocj de ieren ha moatte. Iris Kroes hat de Gouden Sadel fûn, lokwinske út namme fan Stifting Aaipop. Wy gean der fanút dat it festival foar de kommende jierren syn plak krijt op de Fryske aginda!