In Aaike fan Aaipop Foar SR2013?! (Net neitinke, gewoan even gek dwaan!)

Serious Muzyk 2013 Fryske jûn yn Ljouwert
01/12/2013
Aaipop 2014??? 21 april!!!
12/12/2013

Beste bands en artysten,

Sûnt juster is der in rekordpoging foar Serious Request 2013, 363 oeren lang non-stop muzyk! Wat docht bliken? Der binne mar in hantsjefol Frysktalige bands dy mei dogge, mar dat kin noch rap feroarje!  Der binne noch in pear plakjes iepen om te spyljen, at jimme dat noch dogge dan sil Stifting Aaipop jim ferwenne.  Wy dogge jim in oanbod:

Spylje jim dizze wike (9-13 desimber) moarns tusken 6 en 8 oere dan fersoarget Stifting Aaipop in moarnsbrea, moarnsiten of moarnsmiel foar de hiele band. Hjir kin jim al oan jaan hoe jim de kofje drinke en it Aaipop-Aaike ha wolle.

 Kofje:               Swart / Molke / Sûker / Molke en Sûker

Aai:                  Bakt / Sean

Farske sjú:       Ja / Nee

Opjaan en as fragen stelle dogge jim bij de organisaasje yn de persoan fan Peter Reen 0651790549, meiwurker fan Podium Asteriks.  Understeande tiden binne op it momint fan stjoeren noch beskikber. Stjoer wol in mailtsje nei ús, sa dat wy ree stean mei it Aaipop Aaike.

 

Stifting Aaipop daget jim út om mei te dwaan oan dit unike evenemint, wês earlik wa wol dat no net? In Aaike fan Aaipop!

 

maa 9 dec: 07.15-08.15

din 10 dec: 06.45 – 09.00 / 11.15 – 12.00 /

woe 11 dec: 02.00 – 02.45 / 03.30 – 05.00 / 05.45 – 08.00 / 09.30 – 11.00 / 11.45 – 12/30 / 13.15 – 14.00

don 12 dec: 04.00-05.30 / 06.15-11.30 / 11.30-13.00

vrij 13 dec: 04.45-05.30/ 06.15-08.30 / 10.45-11.30