Skip to content

Ek dit jier is der de mooglikheid om jim yn de kijker te spyljen, sa wol by Stifting Aaipop en Friesland Pop. Sneon 8 maart yn Winsum is it sa fier, it twadde Frysktalich Talentstage. Dit is in gearwurking tusken Stifting Aaipop en Stichting Friesland Pop. Eltse band krijt in fakkundich ferslach, mei opbouwende krityk fan in ûnôfhinklike sjuery. Neist it opdwaan fan poadiumûnderfining is dit fansels moai meinommen.

Net ûnbelangryk is it feit dat it lêtste plakje op Aaipop te fertsjinjen is, in moaie kâns! Aaipop is dit jier op 21 april, foar de 27ste edysje. Dochsto mei oan Aaipop der op út, dan is de kâns grutter dasto yn de takommende jierren en plak krijst op Aaipop. Dit hat yn it ferline wol bliken dien mei ûnder oaren dizze bands: NNB, De Hûnekop, Skraal, Rekker, Jan Nota, Reina Rodina, Jarretank en noch in oantal oaren. Us advys is dan ek: Lit ús en Friesland Pop heare wa at jimme binne.

 

Back To Top