Grutte Nammen op Aaipop 2014!!!

Iepen skriuwen oan alle bands dy’t noch nea op Aaipop spile ha
20/01/2014
Striptekenaars socht
06/02/2014

De earste bands binne bekend, de lêste kin noch in plak fertsjinje mei Aaipop der op út.

De 27ste edysje fan it Aaipop festival lit net oer har hinne rinne, De Hûnekop, Piter Wilkens, Die Twa en noch trettjin oare bands as artysten. 21 April stiet it festival terein yn’t ramt fan de Frysktalige muzyk, we ha spesjale projekten Bruce Springsteen yn’t Frysk troch Martijn Kentie.  Ek sil de jonge hûnen fan NICSZ de fette klanken fan de Red Hot Chilli Peppers mei Fryske teksten troch de tinte klinke litte. Feteranen stean ek op de planken, de mannen fan Jitiizer helje de instruminten wer út de koffers nei dat se in pear jier der út west binne. We ha noch folle mear moais, as ôfsluter in trio dat noch nea earder yn dizze formaasje spile hat.Wa dat binne? Dat komt yn de rin fan de kommende moannen wol nei foaren.

Tradisjoneel is it lêste plakje te ferjaan oan in nije as begjinnende Fryske band as artyst.  Sneon 8 maart is Aaipop der op út, yn gearwurking mei Friesland Pop. Hjir kinne nije bands har heare litte, in sjuery sil in oardiel jaan en de winner iepent Aaipop 2014! Elke begjinnende Fryske band wol toch yn it rychje mei dizze bands stean! Opjaan kin fia www.aaipop.nl as it backstage diel fan de side fan www.frieslandpop.nl.