Freed 25 maart 2016: ‘Aaipopdei’ by Omrop Fryslan

Maart: tiid foar de belestingoanjefte!
15/03/2016
De gastfou fan Aaipop 2016: Femke de Walle
23/03/2016

Sa lang as it noch kin, binne wy wiis mei ús eigen Omrop Fryslân. Sy binne ek wiis mei ús, want in grut part fan it program fan oansteande freed stiet yn it teken fan Aaipop 2016.

Earst sil Willem Walpyk fanôf twa oere de lêste hite nijtsjes te hearren krije fan ús eigen Pieter de Boer yn Noardewyn Live! Fierder jout hy FRGAST en UNABOMBER tiid om sich alfêst waarm te meitsjen foar Peaskemoandei. Yn de jûn is it tiid foar Gurbe Douwstra mei syn radioprogramma Radio Froskepôle om seis oere. As âld bestjoerslid kinne wy ek altyd op syn ynteresse rekkenje. Hy lit Sascha Elisah alfêst har Frysktalige ferzjes fan har fan oarsprong Ingelsk ferskes foar it ljocht bringe .

As klap op`e fjoerpylk fersoarget Hinnehok FM op Peaskemoandei wer in tema útstjoering foardat it festival begjint. Se binne fanôf acht oere moarns te belústerjen fia 106.8 FM. Fia ynternet moast hjir wêze.