Foarferkeap en programma update

Hé, wat is dat foar moai nijs?
16/03/2012
Program op de webstek
19/03/2012

De motor fan de Aaipop organisaasje draait al in hiel skoft op folle toeren mar no it festival tichterby komt docht bliken dat dizze noch hurder wol. Machtig, de buorden steane lâns de dyk, de kaartferkeap is begûn, de krante is binnen, de posters binne ûnderweis en de oanklaaiing is yn folle gong. Minsken wêz der op tiid by dit jier want it wurd in machtich feest. Sjoch by it kopke kaartferkeap foar ynformaasje oer hoe wat en wêr.

 

It programma is ek wer  oan in update ta derom presinteare wy………………………… (trrrrom roffel) jim hjirby foar elts poadium in nije namme.

 

Hark en Húverseal: Bauke van der Woude mei Combo 16.15 oere

 

Lûdskuorre: Voskovs Grodzemods 15.15 oere

 

Teneftertinte: Noarderein 14.30 oere

 

Aaiseal: Doede Bleeker 15.30 oere

 

Kij lûd (iepenloft): Stiet as Quo 16.00 oere