Skip to content

Snein 1 maart, kommende snein dus, is Aaipop der op út. Der stean net trije, mar sels fjouwer bands of artysten op it programma. Wytze Hospes is foarige wike noch taheakke oan de line up, fjouwer bands dy’t dus striede om in plakje op Aaipop der op út. Yn Tromp Theater sil fanôf 14.00 oere Wytze Hospes, Volk de Band, Jacob Laverman @ Upright Bastards spylje. De lêste band sil rûn fjouwer oere spylje. Nêst in sjueryferslach krijt elke band in opname fan harren optreden, nimmen giet mei lege hannen nei hús ta dus!

De tagong is fergees, it kosset dus neat, gjin sint, helemaal neat… Oant Snein!

Back To Top