Efter de doar lizze

Utstalling yn Tresoar
21/03/2012
Aaipop 2012 foar jong en âld
26/03/2012

It hat wat swit en oeren sliep kosse. Mar moarn kin it sa mar sa fier wêze! De Aaipop jubileum útjefte falt op de matte hûs oan hûs troch hiel Fryslân hinne. Alles oer de skiednis fan de Fryske muzyk en Aaipop as poadium. In grut ferskaat oan foto’s fan 1987 oant Aaipop 2011. Ek it folsleine programma foar 9 april de 25ste edysje fan Aaipop stiet der yn. Hulde oan alle stipers, fûnsen dy it mei mooglik makke ha.