Ebele winner foarronde Aaipop

Friesland Pop siket bands Kleine prijs
02/02/2013
Twirre yn Klipkar +
05/02/2013

De line up fan Aaipop 2013 krijt foarm. Neist û.o. De Kast, De Doelleazen en de Hangouts mei it wurk fan de Rolling Stones yn it Frysk, is Ebele de band dy’t peaskemoandei 1 april it grutste Frysktalige festival iepent. Ek krijt Ebele as priis ien dei studio tiid oanbean fan Key Productions, de single sil op Aaipop presintearre wurde. It wie it oardiel fan de faksjuery dy de trochslach joech, nei it tellen fan de publykssjuery en de vaksjuery stie Twirre op likens hichte. Progress einige as tredde op dizze slagge jûn yn It Badhûs te Westereen. Alle trije bands krije noch in optreden oanbean op in Talent-stage fan Friesland Pop.

In seleksje fan  bands of artysten dy’t ek op Aaipop spylje binne; Chickens Go Mad, De Sadelrûkers, Marcel Smit en de hiele hannel en Baba Live! Band. Derneist sil Koarsluting de Rockopera ‘It swurd fan Damocles’ opfiere mei in blazers seksje fan tweintich man. It Aaipop festival wurdt dit jier foar de 26ste kear hâlden en fynt plak yn Nijlân. De foarferkeap giet 11 maart los, mear ynfo is te finen op www.aaipop.nl.