Sequens winner bysûndere Aaipop der op út 2017

Snein 12 oktober wie Restaurant Noflik yn Easterein it plak wêr’t Aaipop der op ut. 4 artysten dienen dit jier mei oan de talintejacht fan Aaipop, om in plakje op Aaipop 2017 te bemachtigjen: De Velly’s, Esmée Ynema, Sequens en Joop Obama.

 

Wêr’t elke wedstryd normaal sprutsen 1 winner kint, run dat dizze dei wat oars. De juryleden Pieter de Boer, Henk Wetting (Sebeare/Xigatze) en âld winner Brunner koene mei it bleate each net in winner oanwize. Út de finishfoto die blieken dat Sequens Joop Obama krekt foar bleau en de úteinlike winne wie. As oanmoedigingspriis waard Joop ek in plakje gunt op it festival. Hy mocht it publyk op 17 april 2017 úteinlik opwaarmje foar de winners fan Aaipop der op ut 2017: Sequens!