Jacob Laverman winner Aaipop der op út 2015

No’t de winner fan ‘Aaipop der op út’ bekend is, is de folsleine line up fan it Aaipop festival dúdlik. Yn gearwurking mei Friesland Pop wiene it Wietze Hospes, Jacob Laverman en The Upright Bastards dy mei dien oan de ‘snein-te-middei-sesje’ yn Teater Tromp te Ljouwert. De sjuery, besteande út trûbadoer Bruno en twa leden fan ‘The Given Horse’, hiene it dreech om in kar te meitsjen. Kwa Fryske teksten stie Wietze Hospes op ien, wat it talint oan giet wie it de jeugd fan Upright Bastards dy der mei kop en skouders boppe ut stuts. Mar it wie Jacob Laverman dy mei folslein eigen teksten en lieten it publyk it meast oanspruts. Dit joech de trochslach foar de sjuery en dermei iepenet Jacob Laverman it Aaipop festival.