Gearwurking Friesland Pop

Yn 1987 wie it in goed muzikaal jier, Aaipop seach it ljocht lyk as Friesland Pop. Nei 25 jier wie it heech tiid om tegearre de kânsen te fergrutsjen foar Frysktalige bands. Beide partijen dogge dit al jierren, Friesland Pop mei in Talent-Stage en Stifting Aaipop mei Aaipop der op út. Doel fan de gearwurking is om nije as begjinnende Fryske bands in poadium te jaan en te stimulearjen yn harren ûntwikkeling, motivaasje en ynspiraasje!

Dit dogge wy troch:

– By Aaipop Der op út in fakkundich sjuery-rapport foar de bands te meitsjen
– De winner fan Aaipop der op út iepent it Aaipop Festival

Win win, foar de bands, Friesland Pop en Aaipop, dêr dogge we it foar!

Sjoch op de side fan Friesland Pop foar mear ynfo oer de aktiviteiten en útgongspunten.