Der op út

Yn gearwurking mei Friesland Pop organisearret Stifting Aaipop de lêste jierren Aaipop der op út, in Frysktalich muzyktalintejacht. Doel fan dizze gearwurking is om nije as begjinnende Fryske bands en artysten in poadium te jaan en te stimulearjen yn harren ûntwikkeling, motivaasje en ynspiraasje.

Dielnimmers fan Aaipop der op út krije in fakkundich en opbouwend sjueryferslach. Dêrneist iepent de winner fan Aaipop der op út op Peaskemoandei it grutste Fryske festival fan de wrâld, Aaipop!

De lêste jierren tilt it op fan jonge bands en artysten. Aaipop der op út siket nei groepen en artysten dy’t fan doel binne in folslein Frysk repertoire te bringen om sadwaande in plak te finen op de poadia yn Fryslân en diel út te meitsjen fan de rike Fryske (pop)muzykkultuer.

Bands en artysten dy’t noch nea earder op Aaipop spile hawwe, kinne ynformaasje, opnamen, foto’s en oar materiaal ynstjoere. Alle muzikale sjenres binne wolkom, fan harksankjes en trûbadoers oant rock, blues, reggae, alternative, hiphop, rap, metal, punk en neam mar op. Eins is der mar ien echte betingst: der moat yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen songen wurde. Opjaan? Mail nei sjouke@frieslandpop.nl of info@aaipop.frl.