Skip to content

De oprop dy we begjin desimber dien ha, hat genôch stof opwaaien dien. Yn de jubileum krante is oan in oantal pearkes ekstra oandacht jûn. Aant Hofstra hat dat op moaie wiize beskreaun. Mar noch krije we mailtsje binnen mei pearkes dy op Aaipop by elkoar kommen binne en de leafde no noch hieltyd (mei ús) diele. Ik wol se jimme net ûnthâlde.

 

Goeiemoarn Stifting Aaipop, 

Hjirby een foto en in koarte anekdote oer ús moeting op Aaipop.

Op 25 april lêstlyn hawwe wy mekoar foar ‘t earst troffen en een lyts tútsje jûn. Dêrnei hawwen wy nog een pear kear een ‘date’ hân, mar einlik wie it lyk raak! Nettsjinsteande de striid tusken Nylân en SDS hawwe wy it tegearre hielendal nei ús nocht. 

Hast in een jier letter sitten wy tegearre yn Wommels yn ús húske en wy bin noch hielendal fereale!

Groetnis, 

Cor van de Belt & Amarins Hendriks

 

Fansels fiersten te let mei it oanmelden, mar wy binne ek in aaipop pearke. Yn 1994 seagen wy mekoar yn it rock-hok, foelen as in blok foar mekoar en binne sûnt dy dei by inoar. Der binne ek al 3 “aaipopkes” fan kommen, treie jongens in eigen partoer sis mar 😉

Groetnis Herman van der Bij en Alie Posthumus – Heech

 

Hallo organisatoren van Aaipop,

Via via hoorde ik dat jullie op zoek zijn naar pearkes die elkaar op Aaipop hebben ontmoet. Mijn vriend en ik zijn zo’n pearke. Nu las ik op de website dat de aanmelding hiervoor gesloten is. Hebben jullie nog wel belangstelling voor foto’s?

Gr. Gemma Miedema

Back To Top