Nijs
Jitiizer pakt de trie wer op! Earste namme foar Aaipop 2014!!!
Heidi Heidi Hooooo!!!! De earste namme foar Aaipop 2014 is Jitiizer! Rikus en de Mannen pakker de ynstrumenten der wer by, en sille fansels op Aaipop te hearen wêze.
Kenia dankt Fryske festivalgongers!
In goed berjocht út Kenia: Dear Wytske and friends in Holland, We the community of Giovanna Children Center of Hope in Kenya, Matunda wish to express our deepest gratitude for the donation of monies at Frisian Festival instead of buying drinks of it. We wish to assure you that the funds donated,every cent of it [...]
Liet op 5 maaie yn Ljouwert
Op www.liet.nl is alle ynformaasje te finen oer kommende snein 5 maaie. De finale is yn de Prinsentún, te Ljouwert. It waar liket moai te wurden, de setting oan it wetter is dat fansels ek.
Foto`s fan bands
Ek fan de bands binne moaie foto`s makke troch Atse Numan, sjoch ûndersteande link: https://picasaweb.google.com/106218503254114290851/Aaipop2013Bands
Stiesto ek sa kreas op de foto, as krek wat minder???
Húsfotograaf Atse Numan hat him de fuotten ûnder it liif wei rûn om alle besikers hast persoanlik op de foto te setten! Stiesto der tusken? Klik hjir foar syn album mei mear as 200 foto’s!
Foto`s fan besikers
Us hûsfotograaf Atse Numan hat alle foto`s fan besikers op in picasa webstek setten, dizze kinst hjir fine. Alle foto`s meist delhelje om út te draaien, ôf te drukken, op dyn facebook profiel te setten as oare dingen mei út te heljen. Foar publikaasje meie se ek brûkt wurde ûnder betinkst dat de namme fan [...]
De dei nei Aaipop 2013
Ja, we binne wer wekker! It festivalterrein is wer skjin, no ek wer tiid om it earste berjocht op de side te setten nei de 26ste edysje fan it Aaipop-festival. In baas feest, wat oars kin ik der net fan meitsje. By De Doelleazen it dak der ôf, by Marcel Smit mûsstil, pikefel mominten by [...]
Ynsmarre, faktor 30, sinnebril, bikini…
Tags foar Aaipop 2013: Sinne, blaue loft, sinnebrânoalje, koarte rokjes, bikini, brún wurde en gean sa mar fjirder! Oars sein: It waar liket best genôch te wurden.
Lêste dei foarferkeap
Hjoed is der fan 11.00 oant 18.00 oere de lêste kâns om kaarten te heljen yn de foarferkeap by De Mande te Nijlân. Ferjit net, dat skeelt per kaart 5 euro. Dus mei fjouwer minsken, hest de fiifde al fertsjinne. Hjoed dus de kaarten noch foar 20 euro!
It festivalterrein is der klear foar
Goede freed is der mei man en macht wurke om it festivalterrein klear te meitsjen. Dat is slagge, we binne oeral op ta red. Yn de Hark en huverseal ha we tribunes delsetten om in smûke arena-sfeer te meitsjen. Ebele, Adri de Boer, Marcel Smit en de hiele Hannel, Xigatze en Chickens Go Mad sille [...]
It program digitaal
Moandei is it safier! Aaipop 2013, hjoed wurdt it hiele terrein mei tinten klearmakke foar dyn komst! Neist it boekje ha we dit jier it program digitaal, sken de QR koade yn it boekje as gean nei www.aaipop.nl/program.pdf dan hast de hiele dei it skema by hân en mist net in band mear!
It begjint der op te lykjen!
De metamorfose yn Nijlân begjint wer foarm te krijen! Parkearplak? Nee man, it festival-terrein fan Aaipop. De tinten binne as nij, en stean sa strak as wat. De bands binne de klear foar heare we rûnom, der wurde sels al artysten signalearre dy sels kaarten foar harren fans helje. Moarn in nije update fan it [...]
In band foar 2014?
Al is Aaipop 2013 noch net iens begien, it Aaipopbestjoer sjocht altyd foar nij talint foar it grutste Frysktalich festival yn de wrâld! De jongens út ûndersteande fideo ha we foar 2014 benadere, se litte witte noch oan in Fryske setlist te wurkjen!
Aaipop spotsje
Aaipop hat dit jier in reklamespotsje op Omrop Fryslân. Fanôf no is dizze ek hjir op ús webstek te finen! Dus diele mei al dyn freonnen!
We litte jimme net yn de kjeld stean!
Yn de tarieding nei Aaipop 2013 hie de festival organisaasje twa opsjes stean, ien foar kâld waar en ien foar hegere temperaturen. It sil jimme net ferbaze we kieze foar de smûke en waarme opset fan it festival terrein. Yn de Programmearing feroaret der neat, allinne de plattegrûn fan it festival. De teneftertinte, It Kij-lûd [...]
Feroaring yn de programmearing
Troch tryste omstannichheden sille de Sadelrûkers net op Aaipop spylje. We ha no Rekker en Band ree fûn om ôf te sluten yn de Teneftertine. Moarn mear nijs oer de opset fan it terrein. Rekker wûn yn 2012 Aaipop der op út, hat in eigen lûd en sil Aaipop 2013 fan sich heare litte.
Aaipop reklame op Omrop Fryslan
De Aaipopreklame is al hast in wike op tillefyzje, hast um noch net sjoen? Nije wike wer in kans! Sjoch ûndersteand it skema! Sa kinst alfêst yn de stemming komme foar Peaskemoandei! ma 25-3-2013 19:56 ma 25-3-2013 22:12 do 28-3-2013 18:56 do 28-3-2013 19:12 do 28-3-2013 20:56 do 28-3-2013 22:12 vr 29-3-2013 17:56 vr 29-3-2013 [...]
Alle websides fan de bands & artysten op in rychje
Oer twa wiken is it sa fier, dan binne de bekers al wer opromme. Dan is de peaskehazze al wer ûnderweis. Maar lokkich is dat noch lang net sa fier, noch alle tiid om de bands ris oer te eagjen op harren webstekken. Hjir ûnder stean se allegeare op in rygje. Der binne ek jeugdgroepen [...]
Hoe is Aaipop eins begongen?
Yn’t ramt fan 25 jier Aaipop is der foarich jier in dokuminteare makke troch Albert Jensma fan Omrop Fryslân. Yn’t kader op de foarpagina is dizze noch steeds te sjen. Want wat ea lyts begong, is no útgroeit ta it grutste folslein Frysktalige muzykfestival!
Mear as allinne peaskemoandei
Aaipop is de kommende wiken noch faker aktyf oan de slach. We begjinne kommende sneon yn Nijlân. Yn gearwurking mei de doarpsprojekten fan de KH2018, is der sneon in kulturele kuiertocht. In oantal grafiti-keunstners sil in workshop jaan en de kleden meitsje foar op it terrein. 21 maart is der inFrysk Talentstage yn Tresoar. Alle [...]
In rûntsje fan Aaipop?
Wolst do graach in rûntsje fan Aaipop? Gean dan nei www.omropfryslan.nl lês wat berjochten, klik wat yn it rûn en klik op de Aaipop banner ast um tsjin komst, hy bringt dy wer werom nei de Aaipop webstek, sa hast in moai rûntsje fan Aaipop! In protte wille en ferjit net dyn kaartjes yn it foar [...]
Aaipop kampanje!
Hjoed is it bestjoer fan Aaipop op paad west om posters te hingen, lânbuorden en “tosti” buorden te pleatsen. By de foarferkeap lizze ek ekstra posters. Dizze ha we klearlein foar alle kaartsjekeapers. Nim der ien as mear mei foar by jim yn it doarp, stêd, kantine, kroech as keet. Fanôf moandei kinst dyn [...]
Troch de wrâld galmje
Op meardere plakken sjongt de Fryske muzyk troch de ether hinne. Yn de oanrin nei Aaipop 2013, op 1 april, komt de Fryske Muzyk en dermei Aaipop op ferskate plakken út de boksen wei. Hinnehok FM Eltse Woansdei in Frysk heal oerke, mei in Aaipop top 5! http://hinnehokfm.listen2myradio.com/ Radio Froskepôle Gurbe Douwstra hat as [...]
Aaipop 2013: Alle bands en artysten op in rychje!
Tradisjoneel komt ek dit jier in lytse moanne fan te foaren de folsleine Line Up fan it Aaipop-festival nei bûten. Yn totaal steane der 17 bands en artysten op de planken, ferdield oer trije poadia. De Kast sil Aaipop ôfslute op it Kij Lûd, De Doelleazen sille de teneftertinte op de kop sette en Chickens [...]
Harlem Shake op Aaipop???
It Wrâldrekôrd mei it oantal minsken dat de Harlem Shake docht, sille we al net mear helje. Wol ha we fan’t jier Skraal op de planken stean, dy witte ek wol hoe’t se dûnsje moatte. De Harlem Shake fan Skraal kinne jimme sjen op dizze fideo. SJEN SJEN SJEN


