Skip to content

Yn de oanrin is der in protte omtinken foar it Aaipop festival. Hjir bin wy fansels tige wiis mei. Gurbe Douwstra jout yn Radio Froskepôle in soad oandacht oan de muzyk dy’t op Aaipop spilet as op Aaipop spile hat. It is dan ek helemaal super dat Radio Froskepôle peaskemoandei live fanôf Aaipop útstjoert wurdt! Mar de binne mear dy Aaipop de ether yn slingerje.

 

Sa bin we sneontemoarn te gast by Studio Sudwest, in oere lang in Aaipop útstjoering. Mei trije man sille we nei de studio ta. At jimme noch fersykjes ha kinne jimme terjochte by Hinnehok FM, peaskemoandei sil fan 8.00 oere oant en mei 13.00 oere allinne mar Aaipop muzyk út de boksen klinke.

 

De ôfrûne wike binne we ek al sa no en dan op tongersdei by Holland FM te hearen, jûns om healwei achten in koart petear oer nijs rûnom Aaipop. It selde jild ek foar Omrop Fryslân, der binne we sa no en dan ek te gast mei in koart petear. De mannen fan Noardewyn binne goed op de hichte!

Back To Top