Aaipop 2020 ofsein

Foarferkeap Aaipop 2020 utstelt oant en mei 31 maart
12/03/2020

De pompeblêdsound stoppet nea, mar is net dôf foar wat der op dit stuit bart.

De ûntwikkelingen steapelje harren de lêste tiid per oere op. Maatregels wurde ferlinge, no al oant en mei moandei 6 april. Om’t wy in Frysktalich festival wichtich fine, mar de sûnens en belangen fan eltsenien noch wichtiger, ha wy besletten om Aaipop 2020 oer gean te litten.

Wy wolle tanksizze oan ús frywilligers, stipers, artysten en elts wa’t in rol spile hat yn de tariedings rûnom it mooglik meitsjen fan Aaipop 2020. Dit stelle wy tige op priis. Moandei 5 april 2021 is der wer in nije Aaipop!

Bliuw sûn!