Aaipop 2012 foar jong en âld

Efter de doar lizze
25/03/2012
Alles oer de útstalling
27/03/2012

Sa at jimme yn de krante al op de midden-pagina lêze koenen, hat Aaipop dit jier wer in grut ferskaat oan bands. Sa wol foar jong en âld is der muzyk te hearen. Der stean yn elts gefal trije artysten of bands dy de begjin jierren yn de Kroech noch meimakke ha. Piter Wilkens, Jaap Louwes en Doede Bleeker. Mar der tsjinoer stean der ek fjouwer bands dy’t noch nea op Aaipop spile ha. Rekker iepent de dei, dizze nije Frysktalige band hat Aaipop der op út wûn. Noarderein die der foarich jier oan mei, dit jier stean se op it ‘grutte’ Aaipop festival en se ha der sin oan. De Hûnekop sil foar de twadde kear op Aaipop spylje op de 25ste edysje.

 

Winner fan Liet 2011 en Liet ynternasjonaal, Janna Eijer stiet yn de Aaiseal, ien fan de twa nije poadia. In oar frommes dy har debút op Aaipop makket is Reina Rodina, ek de leafhawwer kin syn Aai dit jier op Aaipop kwyt. In Aaipop ikoan sa Ramsk is no in pear jier stoppe, dochs stean se dit jier wol op Aaipop. Op it ienpenloft poadium mei de namme ‘Kij lûd’, gean de mannen frjemd mei Frysellica. Rikus fan Jitiizer en Piet fan Ramsk sille tegeare mei Mink in gastoptreden fersoargje, de Aaipop-Allstars. Wy bin der fansels tige grutsk op dat dizze mannen yn dit projekt wer op Aaipop stean!

Letter dizze wike mear oer cd-presintaasjes, gastmuzikanten en folle mear!