Skip to content

It sil jimme net ûntgean wêze?! Aaipop is jierdei dit jier! Foar de 30ste kear hoopje wy wer in protte leuke en gesellige minsken yn Nijlân te meie ûntfangen. En wa jierdei is traktearret! Let op, want no wurdt it leuk:

Bisto 30 jier wurden of wurdst 30 jier yn april 2017? Moai man, lokwinske! Do komst fergees by ús binnen op Peaskemoandei en dan bouwe we in moai feestje!

Wurdst 30 jier op 17 april 2017? Dan is it hielendal alderferskuorrendst moai! Do wurdst ús VIP. Alles wurdt foar dy regelt: hapje, snapje en de kâns om dyn favorite artyst te moetsjen! Te gek dochs?

Elts oar is fansels ek wolkom op Peaskemoandei. Noch wol efkes rap kaarten bestelle fia www.aaipop.frl, want it rint as in trein sa hurd!
Oja… Ferjit dyn ID kaart net!

Back To Top