NIJS04-07-2010 - We binne klear foar snein ! De Aaipop-cd is klear en wurd hjoed útrikt 26-06-2010 - Presintaasje Aaipop Live CD! Nijlân - Snein 4 july sil de earste en unike live aipop sammel-cd presintearre wurde. Dizze cd is ûntstien yn gearwurking tusken Fryske poppriiswinner Jan Switters en de stifting Aaipop. Klik op de titel foar alle ynfo. 19-06-2010 - Ek Aaipop komt mei de earste 'nije' live-cd Ja, wier,de cd-presintaasje is hast sa fier. Snein 4 july yn de Kroech te Nijlân, giet de earste Aaipop cd fan de hân. Foar artysten romte om te spyljen, foar de bern in kessen om te springen. Dus de hiele famylje kin mei, Op dizze Aaipop dei![br][br]Ynkoarten mear ynfo oer de cd presintaasje op snein 4 july. 03-06-2010 - Piter Wilkens komt mei nije cd Nêst it nummer fan Piter dat fansels ek o pde Aaipop cd komt, hat menear Wilkens sels ek in cd útbrocht. Piter hat mear lieten fan Vreeswijk oersetten, klik op de titel foar it folsleine berjocht. 23-05-2010 - En de winner is? Juster wie Liet 2010, der dienen meardere bands moai dy ek op Aaipop 2010 stienen. De winner ek! Dat hie de programmearing fan Aaipop dochs knap foarsjoen. Equal Souls, Lokwinske! 22-05-2010 - De Aaipop Live cd Fan'e wike is Jan Switters fan Studie Landscape begûn mei it ôfmiksen fan de earste nummers. De bands ha harren kar troch jûn, der begiet skot yn te kommen.Klik op de titel om mear te lêzen. 18-05-2010 - Noch mear op Froeks Sels wie froeks.tv al mei Jarretank op paad, no ek mei dEroels en hun pearse doaske! Good old Roel mocht yn de Roelstoel, krych it suver benaut mei dy froulje om him hinne. Klik op de titel foar de link nei it filmke. 15-05-2010 - Non stop fryske musyk De Omrop jout de Fryske musyk in eigen sinder op ynternet, dat liket der op. Klik op de titel foar it hiele parseberjocht. 15-05-2010 - Alles oer Liet 2010 22 maaie is it sa fier, Liet 2010. Alle finalisten binne bekint, bestjoerslid fan Aaipop Hedser Tijtsma sil plak nimme yn de sjuery. Klik op de titel foar it folsleine parseberjocht. 18-04-2010 - Ferslach Aaipop 2010 Rimke de Groot wie foar it earst op Aaipop en hat in moai ferslach skreaun. 12-04-2010 - Wat sei de parse? Ik het in pear dagen kosse, mar alle stikjes út de krante ha we oertikke. Sa kinne jim se ek rêstich lêze. 10-04-2010 - Mear nije filmkes Jitiizer & Jarretank! 09-04-2010 - Klipkar + Fanôf Aaipop 2010 is de lêste útstjoering makke fan Klipkar +. Hjir de link nei dizze útstjoering, wa wit stean jim der noch tusken! 07-04-2010 - Wat nijs op in rychje Oer de Aaipop 2010 sammel cd, Klipkar,foto’s, shirts en mear. 06-04-2010 - Aaipop 2010 efkes oer eidzje Ik moat earlik sizze, wat ha ik in moaie dei han juster! As bestjoerslid ha ik wol in ideaal plaatsje yn de holle fan hoe at Aaipop der útsjen moat, juster gongen we in hiel ein dy kant út. Ek al wie it waar net 100 punten en fuort en daliks ha we foar Aaipop 2011 al mear muntferkeap-plakken regele. Aaipop 2010 wie gewoan super, it publyk, de bands en alles derom hinne. Tige tank! Dan in dei letter sjoch ik efkes werom nei wer wat skreaun wurdt oer de dei fan juster. Dat levert wol gekke plakjes op. No mar weromsjen op wer in tige slagge 23ste edysje fan Aaipop. 05-04-2010 - Net parkeare op it lân It is spitich genôch net moochlik om op it lân te parkearen. Wy fersykje jim om sa folle moochlik op de fyts te kommen, de taksi te pakken. At jim wol mei de auto komme, lústerje dan nei de ferkearsregelaars, sy bringe jimme te plak. 04-04-2010 - It festivalterrein Aaipop 2010 Yn fergelyk mei Aaipop 2009 bin der in pear saken feroare op it festivalterrein by De Mande yn Nijlân. Hjir in koarte útlis. 04-04-2010 - Stifting Aaipop seit: 02-04-2010 - Nijs, nijs en noch ris nijs! Oer presys 30 oeren, 21 minuten en 35 sekonden begiet moandei de earste band te spyljen op Aaipop 2010. It lêste nijs kin jim hjir fine. 02-04-2010 - Bieldmateriaal yn de oanrin nei it moaie waar op Aaipop 2010 Jaring Rispens fan Stjoerder wie hjoed al yn Nijlân, foar GPTV in item, mar ek op syn eigen nijs side in fideo. 01-04-2010 - Wat in minsken!!! Jitiizer & froulju liket in goeie kombinaasje. Wat in minsken fan'e moarn foar De Mande. 31-03-2010 - De lûdskuorre Hjir alle bands fan de lûdskuorre op in rychje. Twa oere gean we los! 31-03-2010 - De teneftertinte Alle bands fan de Teneftertinte, mei ekstra ynfo! 30-03-2010 - De earste tinte stiet al! It komt rap tichterby, de earste tinte is al klear, de twadde is healwei! 30-03-2010 - It nijs hâld mar net op hjoed, ûnder steande mail fan Jitiizer? Jitiizer siket.... 29-03-2010 - De Hark & Huverseal Op Aaipop 2010 bin der in pear saken feroare, de Harksankjeseal en it Rockhok binne der net mear. Yn stee fan dizze twa sealen ha we ien nije seal, de Hark & Huverseal. Hjir wat mear ynformaasje oer dizze seal en de bands dy't der spylje 27-03-2010 - It sintsje komt der oan!!! At wy efkes yn it waar sjogge, wat wy graach dogge, dan komt de sinne ús te mjitte. Wat ús eigen Piet P. der fan fynt is noch net hielendol dúdlik, mar at wy nei de plaatsjes sjogge dan komt it goed. Op Aaipop 2010 sil de sinne skine! Mar gau nei de winkel om sinnebrânoalje te keapjen... 25-03-2010 - Aksje yn de eter! Yn de oanrin nei Aaipop 2010 bin der ferskeidene radio-stjoerders dy oandacht skinke oan Aaipop. Hjir stean se op in rychje. Moai dat der sa folle omtinken is foar it grutste Frysktalige barren fan de hiele wrâld! 23-03-2010 - Nijs, Nijs en noch ris Nijs! Nijs oer Aaipop-2010-shirts, De Doelleazen & Equals Souls 19-03-2010 - Foar boppe it bêd? De measte minsken sil wol tinke; boppe it bêd? Ja boppe it bêd, yn stee fan in kreas frommes! 17-03-2010 - Der leit wat foar jim klear! Yn Nijlân hinget de Aaipop flage al wer op de muorre by Remmelt Boonstra thús. Dat betsjut dat de Kaartferkeap los is. Hjir mear ynfo oer it hoe en wat. 14-03-2010 - Kaartferkeap giet moandei 15 maart los!!! Mar earst moat der bekend wêze wa at wannear spilet, derom hjir it blokkenskema fan Aaipop 2010. 12-03-2010 - Priisfraach Sa as we earder dizze wike al nei foaren brochten, we hawwe wer wat nijs betocht. Aaipop 2010 sille wy op in manier fêst lizze, dy't we noch nea dien ha. We gean in LIVE-CD meitsjen!!! Mar we ha in probleem, we wurde it net iens oer de namme. Oan jim de ear, betink in moaie namme! 11-03-2010 - Ferskate berjochten Yn de oanrin nei Aaipop 2010 is der de kommende wiken in soad nijs, sa no en dan komt der wol wer wat nijs op! Hjir alfêst in pear saken, de rest komt letter wol. 08-03-2010 - Kaartferkeap Aaipop 2010 De kaartferkeap foar Aaipop 2010 giet op moandei 15 maart los 06-03-2010 - Joetjoep (ofsa) Der binne fan dy wurden dy't noch net yn de fryske wurdboeken stean. Is der wol in Frysk wurd foar it Ingelske Youtube? Dyn kanaal? Do sjochst?[br]Op de Aaipop-hyves steane, fan de bands dy't fideo materiaal hawwe, fragminten. 04-03-2010 - It blikje! Wy ha de hoed fan Rick Felderhof en Aart Staartjes bemachtigje kinnen, mei der op de nije Aaipop-blikjes! 28-02-2010 - Bylden Klipkar+ Klipkar+ wie oanwêzich by Aaipop der op út yn it Bolwurk te Snits. Hjir de link nei útstjoering mist fan Omrop Fryslân. 23-02-2010 - "Metallica" op Aaipop 2010 Nijlân - Fans fan de Amerikaanske metalband Metallica moatte 2e Peaskedei 5 april nei it Aaipopfestival komme. Dêr spilet de Warkumer sjonger Sipke de Boer mei syn band "Frysellica," Metallica yn it Frysk dus. Mei teksten as Meitsjen en Wjirmen, Wêr bliuwt de kjeld no, Griis en fet en Wêr haw ik myn kondoom belooft it in bysûnder optreden te wurden. 22-02-2010 - Skraal wint "Aaipop der op út"! It wie in spannende middei, de bands ûntrûnen elkoar net folle. De sjuery wie ferdield, it publyk ek, it is Fryske Bluesrock fan Skraal dy't de winner is fan "Aaipop der op út". Dermei is de lêste band fan Aaipop 2010 bekint! Letter mear ynfo! 18-02-2010 - Wol in 23ste edysje fan Aaipop Dat is wol eefkes skrikke, Wâldrock stoppet der mei. Ferrekte spitich! Sa'n moaie organisaasje, in rike tradysje, dy't der mei stoppet. Foarol foar de minsken sels en de Fryske muzykkultuer in tebeksetter. Jimme kinne fjirder lêze foar it parseberjocht fan Omrop Fyslân. Aaipop is lokkich wat mear lytsskalich, sit der mar net oer yn, der komt wol in 23ste Aaipop yn 2010! 18-02-2010 - "Aaipop der op út" útlis publyksstim en Klipkar + Minsken, it hier moat yn'e pronk! Der rint in kamera-man, mei in presintatrise los rûn yn it Bolwurk snein! Neast de sjuery, dy bestiet út trije man, is der snein ek in stim foar it publyk. Hoe't dit wurket kinne jimme hjir lêze. 09-02-2010 - Aaipop der op út Under it kopke fan Aaipop der op út kinne jimme mear ynfo fine oer 21 febrewaris yn it Bolwurk te Snits! 02-02-2010 - Aginda op de Aaipop-hyves Fansels binne jimme allegeare al lid fan de Aaipop-hyves, www.stiftingaaipop.hyves.nl. No he we der ek in fryske gadget op! De aginda foar Fryske bands, lês mar fierder asto dyn feesten der ek op ha wolst. 15-01-2010 - Aaipop der op út 21 feb. yn "it Bolwurk" Snits Trije bands stride om it lêste plak op Aaipop[br][br]Nijlân Yn har syktocht nei nij talint strykt Aaipop op snein 21 febrewaris yn it krekt ferboude Bolwurk del. Oant no ta hawwe de bands Katterpillaar, Skraal en Justerjûn harren oanmelden om dizze middei in goai te dwaan nei in optreden op it Aaipopfestival. Ynset is it lêste poadiumplakje foar it grutste Frysk- en streektalige festival fan Fryslân.Oanslutend is der in bysûnder optreden fan it Trio Langhout, Keus en Haima. Ernst Langhout en Johan Keus timmerje al jierren oan de dyk, ûnderwilens ha sy fersterking socht yn Sytse Haima fan foarhinne Pigmeat. Sa bringe sy tradionele Ierse ferskes mar ek lieten fan Bob Dylan en de Beatles. 14-12-2009 - YNSKRIUWING AAIPOP DER OP UT WER IEPEN Bands en artysten kinne harren foar 31 desimber ynskriuwe 21-11-2009 - N.N.B. nei Aaipop 2010 De Fryske rockband N.N.B. is winner wurden fan Aaipop der op út 03-11-2009 - In dreech petear mei Stifting Aaipop Stiet der sneintemoarns betiid sa mar in omkoal op de stoep mei in pear drege fragen... Alles oer Aaipop der op út! Bands, filmkes, muzyk en noch mear ynfo. 28-10-2009 - Aaipop is mear dan Peaskemoandei! In nije cd? In cd-presintaasje? Nije nûmers, nije optredens, nij nijs??? Lit it ús witte! 21-10-2009 - Bands "Aaipop der op út" bekend! Mar leafst 7 bands as artysten ha sich ynskreaun foar in plakje op "Aaipop der op út". Dat binne der noch al ris wat! De fjouwer bands dy't it rapst wienen mei ynskriuwen spylje de 20ste fan novimber yn Dok 18. Hokker bands at it binne kinne jimme hjir lêze... Sephyros slút de jûn ôf, dat is yn elts gefal al wis. 02-10-2009 - Aaipop der op út 20 novimber 2009 Jou dy op foar "Aaipop der op út" asto it festival iepenje wolst. 08-05-2009 - Ferslach Aaipop 2009 troch Arjan Hut NO KOMME DE KEALLEN ÚT IT HOK 29-04-2009 - De keninginne behaagt Remmelt! Remmelt wie op it gemeentehûs foar in Aaipop evaluaasje mei amtners en de plysje, mar it gie krek wat oars... Remmelt het in lintsje yn de oarde fan Oranje Nassau krigen foar syn fertsjinsten as frijwilliger, wer ûnder Aaipop. 16-04-2009 - Ed Lip en Aart Lus: Aaipop bedankt! Se ha harren best fermakke! 16-04-2009 - Aaipop op Klipkar + Bielden fan it festival, mei Meindert Talma, Jitiizer, Gurbe Douwstra, Wiegels Wjukkelmasine, Ed Lip en Aart Lus & Sephyros. Hjir in link nei de útstjoering 15-04-2009 - Foto's Aaipop 2009 stean online! Sjoch yn it fotoboek foar moaie pica's nommen tidens Aaipop 2009 14-04-2009 - MACHTICH MOAI FESTIVAL Superlatieven te oer 12-04-2009 - KLEAR FOAR AAIPOP De organisaasje is hielendal klear foar it 22ste Aaipop 09-04-2009 - Foarferkeap kaarten rint as in trein. 09-04-2009 - Aaipop 2008 In weromblik op it foariche Aaipop-festival 2008 06-04-2009 - Ramsk komt mei gastmuzikant 02-04-2009 - Programma 22e Aaipopfestival Hjir is it folseine programma fan Aaipop 2009 22-03-2009 - Bourden Aaipop lâns de dyk 19-03-2009 - Munten M.F.C. de Mande 10-03-2009 - Band ynfo Alle band ynfo is no online. 24-02-2009 - MICHIEL OUDEGA & TOBY WINNE AAIPOP DER OP UT 26-01-2009 - 13 april 2009 - 22e Aaipop festival De earste bands binne bekend! 25-01-2009 - Nije thusside Hjir is der dan! 10-12-2008 - Tredde edysje fan Aaipop derop út op 20 februaris yn Iduna Noch ien kear Pigmeat!
|


