MERAKELS


FOTO'S MERAKELS 2009!

 

De foto's kinne jo fine yn it fotoboek fan Aaipop. FOTO'S MERAKELS 2009

 

Wolle jo foto's neibestelle, dan kin dit troch in mailtsje te stjoeren nei:

 

digitalefotografiembleecke@gmail.com

 

Wolle jo dan it nûmer en it formaat fan de foto en jo namme en adres trochjaan.

 

Formaat:

10x15 cm = 1,75 euro p.s.

13x18 cm = 2,50 euro p.s.   

 

 

 

WAT IS DER DIT JIER OP MERAKELS TE BELIBJEN ?

 

 

Merakels set op ‘e woansdeitemiddei yn ‘e hjerstfakânsje de doarren fan MFC ‘De Mande' yn Nijlân wiid iepen foar bern fan 4 oant 10 jier dy't sljocht binne op teater, muzyk en kreatyf dwaande wêze. It bysûndere fan Merakels is dat bern de kâns krije om op ien middei trije foarstellings mei te meitsje. Elk oere wurdt der wiksele en kinne de bern op in oar plak sjen. Merakels hat dit jier it tema ‘Stoer !!!' en wurd holden op 21 oktober fan 13.30 oant 17.00 oere.

De yntree is 6 euro.

 

Foar dizze edysje hawwe we wer in bysûnder programma gearstald:

 

Kapok! spilet ‘Renske wol stoer wêze'

Kapok! út Warkum is in ûnderdiel fan de Paupers en makket muzikaal poppeteater. Troch in kombinaasje fan grutte poppen, skimmespul, muzyk en 'echte' akteurs, is in foarstelling fan Kapok! in feest foar jong en âld ! Dizze Merakels hawwe we de premjêre fan it stik 'Renske wol stoer wêze' fan Kapok!.

Renske giet nei in nije skoalle, mar it slagget har mar net om freonen te meitsjen. Pake jout rie, want pake is kening west. Mar kin Renske eins wol wat mei dy rare advizen fan pake? En wat hat dat mysterieuze boek fan pake der mei te krijen?

 Renske wo

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Folkert Wesseling spilet ‘Teatraal stoer !'

Folkert Wesseling út de Tike is mei syn 15 jier de jongste teatermakker fan Fryslân. Op syn trettjinde is er al begûn mei teater en kabaret, en hy wol hjir letter graach yn trochgean.  

Hy nimt op dizze Merakels de bern mei yn syn ynterpretaasje fan ‘stoer wêze' yn syn meispylteaterstik ‘teatraal stoer!' En hoe stoer dat dan is, dat meie de bern sels útmeitsje...

foto Folkert Wesseling Theaterproducties  

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Sipke de Boer mei in ynteraktive meisjongshow

Sipke de Boer út Warkum is al sa'n 15 jier aktyf yn de Fryske muzykwrâld. Sa kaam ferline jier syn earste Frysktalige cd"Allinnich" út. Sûnt in jier of fiif is Sipke ek aktyf yn it skriuwen fan muzyk foar bern. Sa hat er yn it ferline al trije kear de muzyk makke foar foarstellings op "Merakels".

Dit jier hat Sipke net allinnich de muzyk skreaun, mar sil er dy ek foar en mei de bern opfiere yn syn ynteraktive meisjongshow. De bern sille fermakke wurde mei (eigenmakke) ferskes yn it Frysk, dêr't se op dûnsje en mei sjonge kinne.

 

sipke22 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Ek bûten de foarstellings om falt der fan alles te belibjen... Yn en om de Mande binne der ek noch allegear stoere dingen te dwaan en te besjen... Sa is der ûnder oare in hindernis parkoers en kinst dyn hier "pimpe" litte. 

 

Alle bern meie ferklaaid yn it tema ‘Stoer !!!' komme. Hjir is ek noch in moai pryske mei te winnen !

 

WAT DOCHT DE WURKGROEP MERAKELS ?

 

De wurkgroep Merakels organisearret alle jierren yn ‘e hjerstfakânsje in Frysktalich berne teater festival mei de namme ‘Merakels' foar bern fan 4 oant 10 jier.
De doelstelling fan Merakels is it stimulearjen fan Frysktalich berneteater troch bern yn de kunde te bringen mei Frysktalige teaterfoarstellings en artysten. Ek besiket Merakels selskippen oan te setten om (oarspronklik) Frysktalich wurk te meitsjen en út te fieren.

 

Merakels is in projekt fan de stifting AAIPOP. Dizze stifting organisearret alle jierren it grutste Frysktalige popfestival fan Fryslân. Al langer as tsien jier komme op Peaskemoandei mear as 2000 jongeren nei MFC De Mande om te hearren nei in ferskaat oan artysten en bands. Op ferskate poadiums binne alderhande muzykstilen te sjen en te hearren, fan "harksankjes" en "jankfoddes" oant "willepop"en "swierizer".

 

HOE KINST YN KONTAKT KOMME MEI MERAKELS ?

 

Wurkgroep Merakels
P/a Hottingawei 1
8771 SR Nijlân
Tillefoan: 0515 - 569 324
e-mail adres: Merakels_@hotmail.com

Hjir kinne jo ek kaarten reservearje

 

WA STYPJE MERAKELS ?

 

Merakels wurdt mei mooglik makke troch stipe fan de gemeente Wymbritseradiel, stifting Aaipop en MFC De Mande. Dêrneist is der ek in tal sponsers dy't Merakels in waarm hert tadrage.